Feemerken lije ûnder BSE

© Omrop Fryslân
De feemerken yn Nederlân ûnderfine lêst fan de gekkekowesykte BSE. Alle acht draaie se op it stuit mei ferlies. Om in oplossing te finen, sille de direkteuren mei elkoar om 'e tafel.
De oanfier fan kij is yn de ôfrûne moanne mei de helte ôfnommen. Gewoanwei wurde 10.000 kij op 'e merken ferhannele. De Nederlânske hanlers hâlde har bisten thús om't se der amper jild foar barre.