Maatregel tsjin ferdroeging bosk

© Omrop Fryslân
By pompstasjon Terwisscha wurdt de helte minder wetter wûn. Dat is ien fan de maatregels om de ferdroeging yn de bosken by Appelskea en Smilde tsjin te gean.
De wetterwinning en ûntwettering fan de lânbou drage beide likefolle ta oan it ferdroegjen. De natuerwearden yn 'e gebieten moatte mei maatregels op it âlde nivo werombrocht wurde.