Flyers sakje fuort

© Omrop Fryslân
De Formido Flyers sitte yn 'e lytse loege. Sneon ferlearen de Feanster iishockeyers foar de tredde kear efter inoar. Thús moasten de Flyers mei 2-4 har meardere erkenne yn Nijmegen. De perioadestannen: 1-0, 0-1, 1-3.
It wurdt foar de Flyers dreech om har rjochtstreeks te pleatsen foar de playoffs. Neffens de klub stiet de posysje fan coach Ten Bult net ter diskusje.