Paul Verhoeven ynstallearre

© Omrop Fryslân
Op it Amelân is tongersdei Paul Verhoeven(45) ynstallearre as de nije boargemaster. Foar de Brabanner Verhoeven is it boargemasterskip op it Waadeilan net minder as in dream dy't útkomt.
Verhoeven hat sân jier wethâlder west yn it Brabânske Wanroy. Hy wol âld wurde op it Amelân, seit de man. Verhoeven is op it Amelân de opfolger fan Roel Cazemier, dy't no boargemaster fan Dongeradiel is.