Soad sike seehûnen op Waad

© Omrop Fryslân
De ôfrûne fiif dagen binne fyftjin sike seehûnen fan de Waadeilannen oerbrocht nei de seehûnekresj yn Pieterburen. Woansdei spielden wer twa oan op Skiermûntseach.
De bisten binne knap siik en hawwe lêst fan longwjirms. Op dit stuit wurde 80 seehûnen fersoarge yn de seehûnekresj. Der binne noch nea safolle sike seehûnen binnenbrocht as de ôfrûne wiken.