Protters pleagje basisskoalle

© Omrop Fryslân
Basisskoalle De Bolster yn Eastermar hat lêst fan in fûgelpleach. Sûnt de Krystfakânsje tilt it op fan de protters by de skoalle. Se sitte yn 'e beammen en skite alles ûnder.
Gefolch is dat de bern hanwaskje moatte as se bûtendoar boarte hawwe. De GGD en de gemeente Tytsjerksteradiel sizze neat dwaan te kinnen. De skoallieding hopet dat de protters oer in wike fuort binne.