Wout Zijlstra sterk yn Brazilië

© Omrop Fryslân
Sterke man Wout Zijlstra fan Folsgeare hat de Superman Record Games yn Brazilië wûn. Op it strân fan Santos moasten de dielnimmers tsien ûnderdielen ôfwurkje. Dêr sieten ek Highland Gameseleminten by. Twadde waard in Skot en tredde in Ingelskman
Dêrnei moast Zijlstra oantrede yn de tvshow fan Adrienna Senna, de frou fan de legendaryske autocoureur Ayrton Senna.