Betinkingsblommen stellen

© Omrop Fryslân
De famylje fan 'e Ljouwerter Daniel van der Meulen reagearre emosjoneel op it ferdwinen fan de blommen op it plak fan de moard op har soan. It wie moandei in jier lyn dat de 27-jierrige jonge deastutsen waard yn de Beukenstrjitte.
Om dat te betinken leinen famylje en freonen nachts by in beam blommen del en spikeren in foto en gedichten op de beam. In dei letter wie alles stellen.