Nije mbo-opliedingen toerisme

© Omrop Fryslân
It Friesland College op It Hearrenfean begjint nei de simmerfakânsje mei nije opliedingen. De trije mbo-opliedingen binne op it mêd fan toerisme en rekreaasje.
De skoalle hat de opliedingen opset as antwurd op de fraach út it Noarden dy't der is nei meiwurkers yn de reiswrâld. Wurkjouwers wurde by de opset belutsen. Doel is mei 100 kursisten te begjinnen.