Tradisjonele skippen yn Heech

© Omrop Fryslân
Yn Heech komt meikoarten in besikerssintrum oer tradisjonele skippen. Sneontemoarn kamen in soad belangstellenden op de ynformaasjebyienkomst ôf. Doel wie om frijwilligers te krijen.
It besikerssintrum komt by de werf fan Piersma yn it sintrum fan it doarp. Dêrneist komt in loads dêr't tradisjonele skippen neiboud wurde, as earste in ielaak. Foar de simmer moat it iepen gean.