Museum Coopmanshûs út de brân
Museum it Coopmanshûs is foar de kommende jierren ûnder de pannen. De gemeente Frjentsjerteradiel hat tasein 300.000 gûne jiers beskikber te stellen, sa waard woansdei bekend.
It jild is net ornearre foar de moderne keunst. Wol moat de gemeente in oar ûnderkommen foar it museum sykje. It Coopmanshûs is in histoarysk museum mei wikselútstallings moderne keunst.