Utsûndering foar Gianni Romme

© Omrop Fryslân
Gianni Romme hoecht net mei te dwaan oan 'e skate-offs op 24 jannewaris op It Hearrenfean. Dat hat de kommisje topsport fan de KNSB besluten. Rintsje Ritsma moat dêr wol oantrede.
By de skate-offs wurdt ien plak fersein foar it WK allround yn Boedapest. Romme kin dat ôftwinge troch begjin febrewaris op de wrâldbekerwedstriden in goede 5 kilometer te riden.