Man mishannele yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In 31-jierrige Ljouwerter is tiisdei op de Nijstêd mishannele en berôve troch twa manlju. It gie om kunde fan de man. Se woene heroïne fan him ha.
De man krige in stomp tsjin 'e noas en waard achter De Waag sleept. Dêr seagen de mannen syn bûsen nei. In lyts jildbedrach waard meinommen. De Ljouwerter is mei in skeinde noas nei it sikehûs brocht. Ien fertochte is oanholden.