Religieus kanaal op 'e tv

© Omrop Fryslân
De Jozua-gemeente yn Kollumersweach wol 24 oeren deis op de televyzje útstjoere. De gemeente betellet kabelbedriuw Kabel Noord om Christian Channel út te stjoeren. Kabel Noord lit it religieuze program op in testkanaal sjen. Ein dit jier wurdt dúdlik oft it in fêst plak krijt.
It kanaal, ek bekend ûnder The God Channel, is sûnt augustus al yn it noardeasten fan de provinsje moarns te sjen.