Twa nije skippen foar Burgum

© Omrop Fryslân
Damen Shipyards yn Burgum bout fan it jier noch twa skippen dy't mei saneamde skips-CV's betelle wurde. Partikulieren kinne mei dy regeling partisipearje yn in skip.
Foarich jier rûn de finansieringsmooglikheid fan skips-CV's ôf. Neffens de direkteur fan It Burgumske bedriuw moat der neitocht wurde oer in alternative regeling.