De Ronde wint op Thialf

© Omrop Fryslân
Frans de Ronde hat snein op Thialf de tolfde ronde om de KNSB-cup wûn. Yep Kramer (Aldskoat) waard tredde. Foar de Sint Nykster Jeroen de Vries wie der in fyfde plak. Heideman liedt it klassemint en Jouster Bert-Jan de Vries is treds.
In soad riders binne al yn training foar it NK natueriis op de Weissensee, op 27 jannewaris. In wike letter is dan de Alternative Alvestêdetocht.