Ferrassende oerstap trainer Kist

© Omrop Fryslân
Trainer Kees Kist ferruilet nei sân jier FC Wolvegea foar de ploech fan syn eigen wenplak Stienwyk. Nei eigen sizzen krige er in oanbieding dy't er net wegerje koe.
De oerstap is ferrassend om't Wolvegea heech yn 'e earste klasse stiet en Stienwyk it folle minder docht. Kist giet net mei rûzje fuort en tsjinnet it seizoen by Wolvegea út.