Midwintercup foar Menaam

© Omrop Fryslân
Underdog Menaam hat sneon yn Ljouwert it sealfuotbaltoernoai om de Midwintercup wûn. Yn it FEC sette Foarút de favorite ploech Noord fan It Hearrenfean te plak. Utblinker Evert Tolsma makke twa goals. By de froulju wûn HZVV út Hoogeveen.
Der diene twahûndert team mei oan it fjouwer dagen duorjende toernoai dat as it iepen Frysk kampioenskip jildt. Dat wiene wol yn haadsaak Fryske teams.