Wer minder greidboeren

© Omrop Fryslân
It tal melkfeehâlders yn Nederlân is ferline jier op 'e nij ôfnommen. De skaalfergrutting yn de molkerij set troch, mar foar de bliuwers komme der bettere perspektiven. Dat seit foarsitter Van de Berg fan it produktskip.
Troch de hege dollar en de goeie ekonomy is de fraach nei molkpoeier en tsiis flink groeid. De molkpriis is lykwols mar in pear sinten omheech gien.