Heech wetterpeil yn Fryslân
Fryslân hat te krijen mei in hege wetterstân. Der stiet likernôch 13 sintimeter mear wetter as it streefpeil. It Woudagemaal op 'e Lemmer en it Hooglandgemaal yn Starum draaie op folle toeren.
It wetterskip makket him soargen foar it kommende wykein, om't de waarsfoarútsichten tige min binne. Der wurdt noch in soad reinwetter ferwachte.