Gearwurking Stiens en Ferwert

© Omrop Fryslân
Ljouwerteradiel giet in nauwere gearwurking oan mei buorgemeente Ferwerderadiel. De brânwachtkorpsen fan de twa gemeenten falle tenei ûnder ferantwurdlikens fan de brânwachtkommandant fan Ljouwerteradiel.
De beide ôfdielings Sosjale Saken sille ek mear mei-elkoar oparbeidzje. As de gearwurking goed befalt, sil besjoen wurde oft dat op mear terreinen kin.