XTC-fertochten langer fêst

© Omrop Fryslân
Twa fertochten yn de Stienzer xtc-saak bliuwe yn alle gefallen noch 30 dagen fêstsitten. Dat hat de rjochtbank woansdei bepaald. It giet om in Belch en in 56-jierrige man út Stiens.
De Stienzer is de eigner fan de pleats dêr't de plysje op 23 novimber ferline jier in xtc-laboratoarium oantrof. Yn it pân lei xtc-materiaal mei in strjitwearde fan 3,5 miljoen gûne.