Boargemaster Visser mei de VUT

© Omrop Fryslân
Boargemaster Visser fan Kollumerlân leit nei 18 jier syn funksje del. Visser is no 59 jier en giet yn oktober mei de VUT. Foar Kollumerlân wie er ek noch seis jier boargemaster fan WestDongeradiel.
Op 1 maart sil ek al in wethâlder ôftrede. Dat betsjut dat yn Kollumerlân aanst twa tredde fan it kolleezje ferfongen wurde moat.