Befallings hieltyd minder thús

© Omrop Fryslân
It wurdt op hieltyd mear plakken yn Fryslân ûnmooglik om thús te befallen. Mei yngong fan it nije jier binne de húsdokters yn Grou opholden mei thúsbefallings en yn juny folgje de kollega's yn Lemsterlân.
Earder binne de húsdokters yn Aldegea/ Garyp al opholden mei thúsbefallings. Swangere froulju wurde dêr ferplichte om yn it sikehûs te befallen.