Nijjiersdûk yn Hylpen en Boerum
Yn Hylpen en Boerum koenen dappere Friezen har weagje oan de tradisjonele nijjiersdûk. Fiif manlju en trije froulju begûnen it nije jier mei in frisse start yn it iisfrije wetter fan Boerum.
By de Iselmar seagen in protte belangstellenden op 'e dyk nei in tal weachhalzen dy't it wetter ynsprongen. In pear dielnimmers doarden it sels oan om 2001 swimmend begjinne te litten.