Byld makket reis
Lucrativo Positivo hat it stellen fan it byld De Hannekemaaier út de tún fan it Frysk Lânboumuseum yn Eksmoarre opeaske.
De minsken achter Lucrativo Positivo reizgen sûnt de stellerij op 6 novimber mei it byld troch Ljouwert, Warten en Makkum. Dat binne de plakken dêr't mooglik it nije museum komt. It Lânboumuseum krijt it byld 3 jannewaris wer werom.