Postma lieder yn it klassemint

© Omrop Fryslân
Nei trije ôfstannen hat Ids Postma de lieding nommen op it NK Allround. De Fries moast, op ien hûndertste sekonde nei, Mark Tuitert foar him litte op de 1500 meter. Op it tredde plak einige Carl Verheijen.
Rintje Ritsma einige op de 1500 meter as njoggende. Yn it algemien klassemint wurdt Postma folge troch Jochem Uytdehaage en Jelmer Beulenkamp.