Van der Veen kampioen maraton

© Omrop Fryslân
Bert Jan van der Veen hat yn Grins it NK maraton reedriden wûn. Van der Veen, út De Jouwer, kaam mei in lichte foarsprong as earste oer de streep. Twad waard Van Oosterom, tred de grutte favoryt Heideman. Se sieten yn in kopgroep fan 15 man.
Ek by de jonges wie der Frysk súkses. Dêr waard Willem Hut út Haulerwytk earste.