Deade by auto-ûngemak

© Omrop Fryslân
By in ferkearsûngelok tusken Boalsert en Ljouwert is sneon in man (58) út Frjentsjer om it libben kaam. Syn 53jierrige passazjiere is mei slimme ferwûningsoerbrocht nei it sikehûs. Lykas de bestjoerder fan in frachtauto.
De persoane-auto botste by de ôfslach Wommels by it ynheljen boppe op 'e frachtwein. Dy kaam yn de feart telâne. De dyk hat in oerenlang ôfset west.