Hearrenfean ferliest fan Grins

© Omrop Fryslân
Hearrenfean giet de winterstop yn op it 14de plak fan de earedivyzje en sit dêrmei tsjin de degradaasjesône oan. Tongersdei ferlearen de Feansters mei 2-1 yn en fan Grins.
Dennis de Nooijer soarge op it hurde fjild foar in 0-1 foarsprong. Hugo brocht de stân op 1-1 mar waard letter fan it fjild stjoerd foar slaan. In penalty besoarge Grins trije punten.