Betide riders by Ryptsjerk

© Omrop Fryslân
It hat noch mar in pear nachten ferzen, mar dochs hawwe de earsten de redens al ûnderbûn. Ien fan 'e plakken foar betide riders is de Ryptsjerker Polder. Dêr leit in stik lân split. De iislaach hâldt it krekt...as men hurd rydt.
In ploechje fan seis riders weage har op it tinne iis. Freed is de earste koartebaanwedstriid pland op Ulesprong by De Tynje, sneon de 2de by Nijelamer.