Sportwikselpriis foar Abma

© Omrop Fryslân
Fierljepper Rimmer Abma fan Heech krijt de sportwikselpriis 2000. Hy hat tiden it fierljeppen beoefene en dêrmei de sport ek promoate. Abma helle as jonge, junior en senior minstens ien kear it Nederlânsk én it Frysk kampioenskip.
De priis bestiet út in oarkonde, in sulveren ring, in bedrach fan tûzen gûne en as wikselpriis in keunstwurk. De priis wurdt foar de 27e kear útrikt.