Trije netten iepenbier ferfier

© Omrop Fryslân
It iepenbier en WVG-ferfier yn Ljouwert mei oanbestege wurde. Dêr is de gemeenteried mei akkoart gien. Fan jannewaris 2002 ôf kin in nije ferfierder mei de eksploitaasje begjinne. De kwaliteit fan it ferfier moat ferbettere wurde.
Der komme trije netten. Sternet ferbynt de bûtenwiken mei it sintrum. Servicenet hat mear haltes en bussen tagonklik foar rolstoelen. It tredde net is stypjend.