Nije wenfoarm Burgum iepene

© Omrop Fryslân
Minsken mei harsenletsel dat se net fan de berte ôf ha, mar dat letter troch in ûngemak ûntstien is, kinne yn Burgum op harsels wenje. Kommissaris Nijpels iepene de nije wenfoarm woansdei.
Hy pleite derfoar dat jild foar bysûndere soarchprojekten makliker te plak komme moat. It is faak dreech om plannen finansjeel rûn te krijen om't it jild dêrfoar út ferskate potsjes komme moat.