Twa bordelen yn Smellingerlân

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân hat ynstimd mei twa bordelen yn it bûtengebiet. Dat die tiisdei bliken by de behanneling fan 'e prostitúsjenota. Gemeentebelangen, RPF, GPV en CDA woene der noch ien bordeel út slepe, mar dat waard op it lêste momint fan tafel fage.
De PvdA hie gjin problemen mei in huorrekast op De Kaden yn Drachten. Dat stânpunt hawwe se wer ynlutsen.