Sel foar smiten molotovcocktail

© Omrop Fryslân
Trije manlju (18, 19 en 20 jier) binne tiisdei foar de Ljouwerter rjochtbank ta oardeljier sel, wêrfan seis moannen ûnder betingst, feroardiele. Yn augustus smieten se in molotovcocktail op in terras fan in kafee yn Bakhuzen.
De rjochtbank sjocht dat as in poging ta moard om't de brânbom in potinsjeel moardwapen is. De offisier hie straffen fan twa en twa-en-in-heal-jier easke.