Hantekens tsjin golfbaan
De wurkgroep dy't striidt tsjin de oanlis fan in golfbaan op Skylge hat in in beswierskrift mei 1900 hantekens oanbean oan wethâlder Van Veen.
De gemeente wol mei de oanlis fan de golfbaan in nije kategory toeristen oanlûke, de wurkgroep sjocht de baan as in ynbreuk op de natuer. Ut de hantekenaksje docht bliken dat in tredde fan de Skylgers der ek sa oer tinkt.