Opspoaring berneskeiner fia tv

De plysje is benaud dat de berneskeiner yn 'e Ljouwerter wyk Westeinde wer taslaan sil. De man wurdt noch altyd yn de wyk sjoen. Hy hat seis jonges en famkes fan likernôch tsien jier lestich fallen.
Der wurkje seis resjersjeurs oan 'e saak. Om ta in oplossing te kommen, komt der jûn in spesjale útstjoering op Omrop Fryslân Televyzje. De plysje hopet dat tsjûgen harren melde sille.