Man sit moannen dea op 'e stoel

© Omrop Fryslân
Yn it doarpke Skingen hat in allinnichsteande man twa moanne dea op 'e stoel sitten sûnder dat ien der erch yn hie. De 62-jierrige Jan de Vries woe gjin gedoente mei oaren hawwe. Syn hûs stie oan 'e ein fan in dearinnende wei.
Nei't de man in skoft net mear sjoen wie, gie in buorman derhinne. Dy fûn de kluzener dea foar it rút. Nei alle gedachten hat er in hertoanfal hân.