Grutskalige kap op Skylge

© Omrop Fryslân
Op Skylge wurde dizze hjerst tûzenen dinnebeammen kape. Steatsboskbehear wol de nuddelbeammen ferfange troch loofbeammen om sa de struktuer fan 'e bosk op it eilân te ferbetterjen.
Meiinoar wurdt der sa'n 8000 kubike meter hout út 'e bosken helle. De beammen wurde mei de modernste masjines omhelle en yn stikken seage. Dat giet heal automatysk.