Ferlet fan frijwilligers by SOS

© Omrop Fryslân
De telefoanyske SOS Helptsjinst hat ferlet fan nije frijwilligers. Om bellers alle dagen, dei en nacht, goed te wurd stean te kinnen, binne op syn minst 65 minsken nedich. Der binne op it stuit 50 meiwurkers.
Alle jierren meitsje mear minsken gebrûk fan de telefoanyske helptsjinst om har ferhaal kwyt te kinnen en in harkjend ear te finen.