Krappe winst foar Cambuur
Cambuur hat sneon mei 1-0 wûn fan Dordrecht '90. Pas tsjin de ein fan de wedstriid skoarde Van der Heide foar de Ljouwerter ploech. Doelman Paauwe waard yn blessueretiid it fjild ôfdroegen. Hy hie in skuonnop tsjin 'e holle krigen.
Trener Henny Lee, de twadde technyske man by Cambuur, hie de lieding om't Gert Kruys him net mei de saken op it fjild bemuoie mocht fanwegen in skorsing.