Oandielen yn Nuon ferkeapje?

© Omrop Fryslân
In mearderheid fan it provinsjebestjoer wol de oandielen yn Nuon ferkeapje. Dat soe ien miljard gûne, twa kear de jierbegrutting, opsmite neffens deputearre Jansen. De PvdA is tsjin de ferkeap om't se dan gjin ynfloed mear hawwe.
Fryslân hat in oandiel fan 13 prosint yn it enerzjybedriuw. Earder wie de stroomfoarsjenning fan de steat. Wetlik kinne de oandielen nei 2002 ferkocht wurde.