Nije bestimming foar Waaggebou

© Omrop Fryslân
Boppe in eksklusyf restaurant en ûnder in bourgondysk ytkafee. Dat is it plan fan frou De Vries foar it Waaggebou yn Ljouwert. De gemeente hat besletten it plan fan De Vries, dy't ek de Ierske pub hat, út te wurkjen. Oerdeis moat it ytkafee winkelpublyk en sakelju betsjinje.
De pinautomaat bliuwt foarearst yn it pân. De gemeente besjocht oft der in terras op it Waagplein komme kin.