Taksyblokkades fan 'e baan

© Omrop Fryslân
Taksysjauffeurs yn Ljouwert hâlde foarearst gjin blokkades. Dat is moandei bekendmakke. Se wachtsje it petear mei wethâlder Den Oudsten ôf. Wannear't dat wêze sil, is noch ûndúdlik.
De sjauffeurs hiene mei aksjes drige as der moandei gjin oplossing komme soe foar de ferkearsproblemen yn it sintrum. Sûnt de herynrjochting moatte de taksys betiden hiel fier omride.