Twadde DNA-ûndersyk is begûn

© Omrop Fryslân
Justysje is ferline wike begûn mei it twadde DNA-ûndersyk yn de Vaatstra-saak. Hûnderten mannen dy't nei oanlieding fan 500 tips nei de útstjoering fan it program Opsporing Verzocht neamd binne, wurde frege DNA-materiaal ôf te stean.
Justysje freget ek manlju dy't yn ferlykbere dossiers steane. It is ûnbekend wannear't der resultaat is. It earste ûndersyk ûnder 200 mannen smiet neat op.