Smoarge feart moat skjin

© Omrop Fryslân
De slim fersmoarge Ald Feart ûnder Surhuzum moat skjin wurde. Buertbewenners ha in aksjekomitee oprjochte om har winsk krêft by te setten. Al 25 jier besykje se de feart útbaggere te krijen.
Elk sjocht it nut fan it skjinmeitsjen fan de feart fan Koartwâld nei it PMkanaal. Net ien wol de kosten foar syn rekken nimme. Yn de fyftiger jierren is it wetter fersmoarge mei swiere metalen.