Fjouwer boaten útbrând
Yn Grou hat tiisdeitejûn brân west yn fjouwer plesierjachten. De boaten leine yn de Rjochte Grou oan de Oedsmawei. Twa boaten brânden hielendal út, de beide oaren rekken flink skansearre.
De brânwacht giet der fan út dat de brân oanstutsen is. De technyske resjerzje docht dêr fierder ûndersyk nei. Hoe grut de skea is, is noch net bekend.