Fersekering yn supermerk ôfslute

© Omrop Fryslân
Fersekeringsmaatskippij FBTO yn Ljouwert biedt klanten fan C1000-supermerken de mooglikheid om spaarrekkens te iepenjen en fersekeringen ôf te sluten. De primeur yn Spijkenisse is earst in proef.
Mei de gearwurking wol FBTO de produkten tichter by potinsjele klanten bringe. Op termyn tinke FBTO en C1000 yn hûnderten winkels it dwaan fan boadskippen en finansjele saken te kombinearjen.