PAL/GL wol boat foar dakleazen
De fraksje fan PAL/GrienLinks yn Ljouwert wol dak- en thúsleazen dy't foar oerlêst soargje, ûnderbringe op in boat oan de Nieuweweg. De situaasje mei dak- en thúsleazen rint neffens de fraksje út 'e hân en dêrom is op koarte termyn in oplossing nedich.
PAL/GrienLinks sjocht as foardiel dat in boat maklik ferhúzje kin. De oerlêst kin sadwaande ferdield wurde.